FIDEO: Mei pake en beppe nei it museum

26 feb 2018 - 15:13

Skoalbern ha dizze wike foarjiersfakânsje. Al jierren organisearje Fryske musea tal fan aktiviteiten ûnder de namme 'help pake en beppe de fakânsje troch'. Dit jier dogge 39 musea mei en it tema is dit kear 'Typysk Frysk'.

By De Spitkeet op De Harkema wie moandei it startsein. Dêr is it dizze wike hielendal omtsjoend ta alvestêderûte.

(advertinsje)