Wurkstraf foar baltende frou mei mes út Twizelerheide

Rjochter © Omrop Fryslân
In wurkstraf fan 40 oeren en 40 oeren ûnder betingst. In 50-jierrige ynwenster fan Twizelerheide krige dizze straf moandei oplein fanwege ferskate saken. Sa hie se in buorjonge mei in mes bedrige. Der binne in soad klachten oer de frou fanút de buert dêr't se wennet. De sitewaasje driget al langer te eskalearjen. De frou soe regelmjittich baltend oer de strjitte gean. De buorjonge wie by har oan de doar kaam fanwege har kabaal nachts. Doe bedrige se him mei in mes.
Fierder waard de frou feroardiele fan it stellen fan guod yn in winkel op De Westereen. De rjochter neamt de sitewaasje fan de frou yn de buert hiel soarchik. Boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen is ek op 'e hichte fan de tastân fan de frou.