Crone: bliuw thús by brân

01 nov 2011 - 15:33

By de grutte garaazjebrân, moandeitejûn yn Ljouwert, laaide it fjoer heech op en eksploazjes wiene yn in grut part fan de stêd goed te hearren. Dat soarge foar in grutte tarin fan publyk. Opstoppings en gaos, op benammen it fiadukt yn de Anne Vondelingwei, wienen it gefolch.

Helptsjinsten koenen dêrtroch net goed harren wurk dwaan. Boargemaster Ferd Crone ropt de minsken op om by brân tenei de ruten ticht te dwaan en fral thús te bliuwen.

(advertinsje)