Oranje nei heale finale WK

© Omrop Fryslân
André Kuipers fan Britsum hat him mei it Nederlânske kuorbalteam pleatst foar de heale finale fan it wrâldkampioenskip kuorbal yn Sina. It Nederlânske team hat him sûnder in wedstriid te ferliezen pleatst. De lêste wedstriid wûn Nederlân mei 32-11 fan Kataloanië.
Nederlân spilet no tongersdei yn de heale finale tsjin Taiwan. De oare finale giet tusken België en Kataloanië.