Jan Durkspolder: reedride mei fierderop swimmende einen

26 feb 2018 - 12:26

Nettsjinsteande de kâlde nachten mei froast leit der noch lang net oeral iis. Yn de Jan Durkspolder, yn de Alde Feanen, binne guon plakken wol ticht, mar op oare plakken binne grutte wynwekken. Is it natueriis betrouber? Omdat it ûnderstrûpt lân is, kin der net folle barre. In soad minsken komme al te sjen oft it kin. 

"It is ûndjip hjir, dan kinst al gau ride," fertelt Age Veldboom, foarsitter fan iisklup Lyts Begjin yn Earnewâld. "In groep fan sa'n tweintich man rydt hjir al, dit stik hat yn de lijte lein, dus hjir leit in plaat iis. Mar hûndert meter fierderop swimme de einen yn it wetter, dêr wol it net befrieze. Dat makket it sa ferriederlik, der binne oer de hiele mar tal fan wynwekken. Yn dit hoekje kinst dus wol ride, mar lang net oeral."

Hy is sa bliid as in protter mei dit waar. "De sinne fan it wykein hie al flink wat krêft, mar de wolken fan no soargje derfoar dat it oerdeis ek wat kâlder wurdt. Wat in feest is it om hjir te riden. Moai foar de wyn, en dan yn de wyn op werombealgje."

(advertinsje)