Dakleazeopfang Zienn set ekstra bêden klear

26 feb 2018 - 11:53

De dakleazeopfang fan Zienn yn Ljouwert hat ekstra bêden beskikber fanwege de kjeld. De winterske temperatueren soargje no al foar ekstra oanfragen fan minsken sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak. Se ha no 52 bêden yn stee fan 40. Meiwurkers fan Zienn binne op dit stuit ek aktyf oan it sykjen nei minsken dy't op strjitte libje.

Fia social media roppe se minsken op om út te sjen nei swalkers en dat troch te jaan. "De teams gaan door de stad op zoek naar mensen, meestal weten we wel waar ze zijn. En onze partners, als politie, GGZ en VNN, zijn op de hoogte van onze winterregeling. Iedereen is welkom," fertelt Nynke Plantinga fan Zienn.

Drachten en Snits hawwe ek opfang, mar dêr ha har noch gjin minsken meld. Mochten der yn Ljouwert net genôch plakken wêze dan kinne minsken dêr hinne om de nacht troch te bringen. As minsken dakleazen op strjitte sjogge, kinne se kontakt opnimme mei de nachtopfang fan Zienn.

Trefwurden: 
dakleazeopfang Zienn kjeld
(advertinsje)
(advertinsje)