Provinsje sjocht gjin rol by arbeidskonflikt Omrop Fryslân

26 feb 2018 - 11:39

De provinsje sjocht gjin rol foar harsels as bemiddeler yn de arbeidskonflikten by Omrop Fryslân. Yn antwurden op fragen fan de PvdA-fraksje seit de provinsje de konflikten by de Omrop as in ynterne gelegenheid te sjen dêr't de provinsje gjin rol yn hat. De Mediawet skriuwt neffens de provinsje ek foar dat der in strikte skieding wêze moat tusken de provinsje en de Omrop as media-ynstelling. Yn it antwurd stiet ek dat de provinsje derfan útgiet dat de konflikten gjin ynfloed ha op it oanbod en de kwaliteit fan de programmearring.

De PvdA hie deputearre Sietske Poepjes oproppen om te bemiddeljen. De partij makket him soargen oer de wurksfear en it gebrek oan fertrouwen yn de lieding by de Omrop.

(advertinsje)