Kollektearje mei mobyl pinautomaat foldocht goed

26 feb 2018 - 11:33

In proef yn Ljouwert mei in mobyl pinautomaat by de kollekte foar it kankerfûns pakt goed út. Neffens koördinator Jan Puthaar fan it KWF wurdt der mear jild ophelle. Minsken jouwe neffens him mear jild as se digitaal betelje. En minsken dy't gjin lytsjild yn de beurs ha, kinne mei help fan de bankpas dochs betelje.

It KWF wol de proef no útwreidzje, sadat minsken tenei ek mei de telefoan of fia de QR-koade betelje kinne. Dêrneist wol it KWF kollektanten by grutte, dreech tagonklike flats, yn winkelsintra yn de buert fan dy flat kollektearje litte.

(advertinsje)