Man ferstoarn nei fytsûngelok yn Drachten

© ANP
In 35-jierrige man út de gemeente Smellingerlân is sneontenacht ferstoarn by in iensidich ûngelok op de Stasjonswei yn Drachten. Foarbygongers fûnen de fytser, dy't mei in ferwûning oan de holle op de dyk lei. Se ha it slachtoffer reanimearre en de helptsjinsten warskôge. De man is nei it sikehûs brocht en dêr letter ferstoarn.
De man is nei alle gedachten mei de fyts fallen en hat by dy fal in hurde klap makke. De plysje hat gjin oanwizingen fûn dat de man oanriden is en giet dêrom út fan in needlottich ûngelok.