Ljouwerter oppakt foar bedriging mei fjoerwapen

26 feb 2018 - 10:28

De plysje hat ôfrûne wykein in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar bedriging mei in fjoerwapen. Hy naaide út, mar plysjeminsken koene de jonge op it Vliet oanhâlde. De fertochte hie dielen fan in fjoerwapen by him. De jonge sit fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)