Hayo Apotheker foarsitter ried fan tafersjoch Fries Museum

26 feb 2018 - 10:03

Hayo Apotheker is mei yngong fan 28 maart de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de stichting Beheer Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof. Apotheker wie earder ûnder oare boargemaster fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân en minister. Hy is sûnt dit jier waarnimmend boargemaster fan de nije fúzjegemeente Waadhoeke. Apotheker folget as foarsitter Kees Storm op, dy't dy funksje fjouwer jier die. Hy bliuwt wol lid fan de ried fan tafersjoch.

"Ik vind het een eer me als rvt-voorzitter in te zetten voor deze topmusea, die van grote betekenis zijn voor het culturele landschap in ons land. Dat moeten we versterken en uitbouwen", seit Hayo Apotheker. Direkteur Kris Callens is bliid mei him. "Ik ben erg blij dat we een nieuwe voorzitter hebben die Friesland zo in de vingers heeft. Ik kijk uit naar de vruchtbare samenwerking. We gaan samen zorgen voor een goede basisfinanciering van beide musea en voor uitdagende toekomstplannen."

(advertinsje)