Famylje Dirk Baron donearret opbringst oan Alzheimersintrum

26 feb 2018 - 08:10

It jild dat ophelle is mei de donear-aksje ta oantinken oan de ferstoarne Omrop-kollega Dirk Baron wurdt moandeitemiddei oanbean oan it VUmc Alzheimercentrum yn Amsterdam. Der is 17.000 euro ophelle. Dirk naam op 28 novimber foarich jier op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Hy hie Alzheimer, krekt as syn heit.

Dieke Broersma, de frou fan Dirk, is grutsk dat se it bedrach hjoed, mei de broer en sus fan Dirk, oerlangje kin. "Dirk wist dat hij niet meer beter kon worden en dat hij wel waardevol kon zijn voor de toekomst. Dat was een beetje zijn missie en dat mag ik vandaag afmaken. Dat is toch wel een bijzonder moment. 17.000 euro in zijn nagedachtenis, daar kunnen we alleen maar trots op zijn. Vanmiddag zullen we ook horen hoe het geld zal worden ingezet."

Omrop Fryslân makket moandeitemiddei opnamen yn it VUmc Alzheimercentrum yn Amsterdam. Tiisdei stjoert de omrop dy reportaazje út yn Fryslân Hjoed.

(advertinsje)