Fûgelgryp by plomfeebedriuw yn Grinzer Westerkwartier

26 feb 2018 - 07:33

By in plomfeebedriuw yn Oldekerk yn it Grinzer Westerkwartier is fûgelgryp type H5 fêststeld. It bedriuw, dat goed tsien kilometer fan de Fryske grins -by Strobos- leit, hat 36.000 fûgels. Yn de direkte omjouwing fan it bedriuw binne gjin oare plomfeebedriuwen. Bedriuwen fierderop wurde ek neisjoen op fûgelgryp. Yn in gebiet fan tsien kilometer rûnom it bedriuw is fuortendaliks in ferfiersferbod ynsteld, dat jildt foar plomfee, aaien, plomfeedong en brûkt struisel. 

(advertinsje)