Kollum: "Ik bin gjin Fries"

26 feb 2018 - 07:25
  • De Toan fan Nynke van der Zee

"It sit der op: de Olympyske Spelen yn Pyeongchang binne klear. Wy pakten mar leafst 20 medaljes en net sa ferwûnderlik waarden dy allegear op it iis helle. Dat komt fansels omdat wy hjir allegear op redens nei ús wurk gean yn de winter. Reedride is noch altyd ien fan ús wichtichste ferfiermiddels hjir, fertelde in Amerikaanske presintatrise by de iepening fan de Spelen. En dat kloppet fansels; wy binne hjir gek op reedriden. Utsein ik dan.

Dizze wike is it foarjiersfakânsje en om my hinne hear ik allinnich mar minsken dy't net wachtsje kinne om it iis op. Hiel earlik; it griist my oan om wer op redens te stean. De winter en ik; it hat noait wiere leafde west. Ik ha neat mei dy kjeld. Dus reedriden wie foar my mear in straf.

Ik wit noch goed dat wy op de basisskoalle in eigen Alvestêdetocht ride soenen op de iisbaan. Lâns de baan stiene heiten en memmen mei stimpeltsjes, dy't se op ús kaartsje om 'e nekke setten. Dêr stiene de alve stêden op, sadat it krekt echt like. Wêr't klasgenoaten rûntsje nei rûntsje riden, stie ik nei de earste bocht al mei myn learzens njonken myn houtsjes. Dus opnij ûnderbine, mar it holp neat. Ik bin net fierder kaam as Sleat.

Yn 2013 ha'k foar it lêst op redens stien. Doe wie it ek in pear dagen goed kâld en wy koene by Earnewâld ride. Tegearre mei myn skoansuske stapte ik op by Ie-Sicht en doe mei de wyn mei rjochting de Hegewarren. It gong fantastysk. Underweis ha'k noch tocht: 'Wist, hjir bin ik eins best hiel goed yn.' Oant we werom moasten. Tsjin de wyn yn. Ik bin it lêste eintsje krûpend oer it iis gong en bin noch noait sa bliid west om Ie-Sicht te sjen. Dy dei ha ik besletten: dit noait wer.

Dus no't elkenien de redens fan souder hellet en de izers slypje lit, bin ik efkes gjin Fries. Want in echte Fries hâldt fan riden. Dy kin net wachtsje oant it earste iislaachje op it wetter leit. Dat kreakjende swarte iis ûnder de fuotten ast oer de Ryptsjerksterpolder fljochst. It gefoel dat net ien dy wat meitsje kin. Om ien te wêzen mei de natoer. Frysker as Frysk is der net.

Tsja, ik woe dat ik dat gefoel ek hie. Mar hiel earlik; ik ha dat net. Ik sit leaver binnen by de kachel mei de sloffen oan en in plaidsje oer as bûten de earste streken te setten yn de sûne winterlucht. Myn winterteannen begjinne al te tûkerjen as se Piet Paulusma sizzen hearre dat de gefoelstemperatuer yn de nacht wolris min tolve wurde kin. Myn noas begjint al te drippen as Gerrit Hiemstra op it sjoernaal glunderjend fertelt dat it kwik oerdeis net boppe de min fiif útkomt.

Ik skamje my suver om it ta te jaan, mar wat my betreft slagge wy dy hiele winter oer. Fan de hjerst yn ien kear troch nei de maitiid. Gelokkich is der altyd hoop, want nei de winter komt godzijdank wer de simmer. Tiid om te fierljeppen, te silen en te keatsen. Om elkenien sjen te litten dat ik wol in echte Fries bin. Skande allinnich dat ik mei dizze sporten krekt like min út de fuotten kin as op it iis."

(advertinsje)