Man foar de 16e kear betrape op riden sûnder rydbewiis

25 feb 2018 - 21:55

Tsjin in 37-jierrige autobestjoerder út Frederiksoard is snein yn it sintrum fan Ljouwert proses-ferbaal opmakke om't er sûnder rydbewiis ried. Ek wie syn auto net fersekere. By de kontrôle fan de man die bliken dat er yn de ôfrûne fiif jier al 15 kear earder betrape wie op it riden sûnder rydbewiis. Syn auto is yn beslach naam en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

(advertinsje)