Elma de Vries wint maratonklassemint yn Sweden

25 feb 2018 - 19:33

Elma de Vries fan De Haule is snein winner wurden fan de Grand Prix-syklus by it maraton reedriden. De 34-jierrige De Vries einige yn de fjirde en lêste GP yn Sweden oer 100 kilometer as twadde, en dat wie foldwaande foar de winst yn it klassemint. Ek by de trije eardere GP's yn Sweden en Eastenryk stie De Vries op it poadium. De rit fan snein waard wûn troch Lisa van der Geest, Jade van der Molen fan It Hearrenfean waard tredde. Yn it einklassemint waard Bianca Bakker fan Wynjewâld twadde efter De Vries en Ankie Ytsma fan Ljouwert waard tredde.

By de manlju wûn Crispijn Ariën fan Wolvegea it einklassemint. Erik Jan Kooiman waard twadde, foar Simon Schouten.

(advertinsje)