Ferlies foar kuorballers LDODK by Blauw-Wit

25 feb 2018 - 17:30

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei de kompetysjewedstriid tsjin Blauw-Wit ferlern. Yn Amsterdam waard it 31-25 foar Blauw-Wit. De wedstriid tusken de nûmer trije (Blauw-Wit) en de nûmer fiif (LDODK) fan de kuorbal league gie lange tiid lykop. LDODK sloech healwei de earste helte in lyts gatsje en hâlde dy foarsprong fêst. Sadwaande waard der mei in 16-13 stân yn it foardiel fan LDODK rêst. Yn de twadde helte draaide Blauw-Wit de efterstân gau om yn foarsprong en hâlde dy oant de ein ta fêst.

De wedstriid wie mei it each op de play-offs wichtich foar beide ploegen. De top 4 pleatst him foar dy play-offs. Troch it ferlies bliuwt LDODK op it fiifde plak stean yn de kuorbal league, mei ien punt efterstân op nûmer fjouwer Fortuna út Delft. Der binne no noch trije wedstriden te gean yn de reguliere kompetysje.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)