Flyers ferlieze finale Nederlânsk kampioenskip iishockey

25 feb 2018 - 17:20

It is de iishockeyers fan UNIS Flyers net slagge harren nasjonale titel te prolongearjen. De Feanster iishockeyers giene snein yn de spannende finale mei 1-0 ûnderút tsjin Hijs Den Haag. De perioadestannen wiene 0-0, 0-0 en 1-0 foar Hijs. De Flyers hiene foar de tsiende kear yn de histoarje en de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen wurde kinnen, mar Den Haag wie krekt te sterk. Earder dit seizoen wûn Den Haag ek al de bekerfinale fan UNIS Flyers.

Lykweardich

It tempo lei yn de finale fuort heech en beide ploegen wiene oanelkoar weage. Skoard waard der yn de iepeningsfaze net. Yn de twadde perioade waard Den Haag driigjender. Jasper Kick krige in kâns, mar keeper Sjoerd Idzenga rêde foar de Flyers. Foar de Flyers krige Ronald Wurm dêrnei in enoarme mooglikheid op de iepeningstreffer, mar ek dy gie der net yn.

Spannend slot

De beslissing moast dus komme yn de tredde perioade. Nei fiif minuten foel dan dochs de iepeningstreffer. Marco Bommezijn tekene foar de 1-0 fan Den Haag. De Flyers giene yn it lêste kertier op syk nei de lykmakker, krigen ek ferskate kânsen mar de puck woe der mar net yn. It is de alfde nasjonale titel foar Hijs Den Haag.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)