Warskôging foar glêde diken
Ferkear op de Fryske diken wurdt snein warskôge foar glêdens. Neffens it KNMI kin it pleatslik glêd wurde troch sniebuien. Der is dêrom koade giel ôfjûn. De warskôging jildt fan sneintemiddei oant en mei moandeitemoarn 12.00 oere.