Snits Wyt Swart pakt trije wichtige punten yn haadklasse A

25 feb 2018 - 16:04

Snits Wyt Swart hat snein yn de haadklasse A in wichtige oerwinning behelle op Jong Achilles '29. It waard 3-0 foar de Snitsers op it eigen fjild. De goals kamen op namme fan Wytze Veenstra (2 kear) en Jorn Wester. De wedstriid tusken Snits en Achilles wie in wiere degradaasjekreaker. Beide ploegen stean ûnderoan yn de haadklasse A.

De oare Fryske ynbring yn de haadklasse A, VV Hearrenfean, spile snein net. De wedstriid by Silvolde gie net troch.

(advertinsje)