LIVE: IIshockeyfinale UNIS Flyers - Hijs Den Haag

25 feb 2018 - 14:39

De iishockeyers fan de UNIS Flyers kinne snein foar de tsiende kear Nederlânsk kampioen wurde. Om 15.00 oere spylje de Flyers yn Thialf de finale tsjin Hijs Den Haag. Omrop Fryslân docht op dizze side live ferslach fan de finale, sjoch nei de livestream.

Twa jier lyn waarden de Flyers foar it earst sûnt 24 jier wer kampioen fan Nederlân. It jier dêrnei wie it wer raak en dus gean de Flyers op foar in hattrick. Mar sa ienfâldich is dat noch net. De ploech fan coach Mike Nason waard yn de kompetysje twadde efter Den Haag en ferlear tsjin dyselde ploech ek de beker. Dêrtroch is Den Haag de favoryt.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)