Drûchdok yn haven Lauwerseach sonken

25 feb 2018 - 14:22

It drûchdok yn de haven fan Lauwerseach is sonken. It wie al in pear wiken lek, mar is sneontejûn yn twaen brutsen en ûnder wetter ferdwûn. Yn it drûchdok sitte mooglik noch skealike floeistoffen. Om foar te kommen dat dy it wetter fersmoargje, binne der oaljeskerms om it dok hinne pleatst.

It gefaarte fan 30 by 110 meter waard oant in jier lyn noch brûkt. Dêrnei stie it op de nominaasje om sloopt te wurden.

Trefwurden: 
drûchdok Lauwerseach haven
(advertinsje)