Waadhoeke stelt regels op foar húsfêsting arbeidsmigranten

De gemeente Waadhoeke komt mei regels foar de húsfêsting fan arbeidsmigranten. As it oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders leit, meie der noch mar fjouwer migranten op ien adres ynskreaun stean. Ek mei it oantal net mear as 1 persint it doarp wêze. Dat moat soargje foar in goede sprieding fan de arbeidsmigranten oer de gemeente.
Rekreaasjeparken, campings en bêd en brochjes krije ek te meitsjen mei strangere regels. De gemeente wol húsfêsting fan arbeidsmigranten dêr ferbiede. De bal komt benammen te lizzen by de wenningboukorporaasjes. Dy moatte in grutte rol spylje by de húsfêsting fan de minsken, dy't benammen yn de kassekompleksen wurkje. De gemeente giet net aktyf op syk nei yllegale húsfêsting fan arbeidsmigranten. As der in klacht komt, sil hanthavene wurde.
Waadhoeke komt mei de maatregels nei ûnrêst, dy't ûntstean is yn ûnder oare Berltsum. Dêr binne plannen foar it húsfestjen fan hûndert arbeidsmigranten yn wenten oan de Pôlle. FNP-riedslid Sijbe Knol kaam doe mei moasjes om de saak ûnder de oandacht te bringen. Hy is bliid mei it útstel fan it kolleezje en tinkt dat it in soad ûnrêst foarkomme kin.