Krijt Ulesprong primeur koartebaanwedstriid op natueriis?

IIsferiening Klein Begin fan Ulesprong wol kommende tiisdei de earste koartebaanwedstriid op natueriis organisearje. It giet om in wedstriid allinnich foar manlju. It wie oant sneintemoarn de fraach oft it wol slagje soe. Midden op de baan lei in grut wynwek. Dat is yn de nacht fan sneon op snein tichtferzen. It bestjoer fan de iisferiening hat no sketten pleatst en tinkt dat it iis tiisdei tsjok genôch is.
As de wedstriid trochgiet, begjint dy om 13.00 oere.