CDA Fryslân wol ynsette op mear duorsume lânbou

Lânbou © Omrop Fryslân
Der moat mear ynset wurde op duorsume lânbou en de boeren moatte in earlike priis krije foar harren produkten. Dat seit de Steatefraksje fan it CDA. Neffens de fraksje hawwe boeren de lêste tiid faak negatyf yn it nijs west, wat in soad imagoskea opsmiten hat. Mar neffens it CDA ha boeren in unike en ferantwurdlike rol yn ús mienskip.
As der oan biodiversiteit, natuer en lânskip easken steld wurde, dan moat elkenien dêr in bydrage oan leverje. Dat moat soargje foar in sûne bedriuwsfiering foar de boeren. It CDA kiest yn dat gefal foar natuer-ynklusive lânbou, wêryn't ek famyljebedriuwen in belangrike rol krije. Dy stean troch de skaalfergrutting bot ûnder druk. It CDA sjocht hjirmei foarút op it útfieringsprogramma lânbou, dat yn juny yn de Steaten behannele wurde sil.