Kampus Fryslân wurket mei oan sintrum foar minderheidstalen

25 feb 2018 - 11:25

Kampus Fryslân sil tegearre mei universiteiten út binnen- en bûtenlân in sintrum foar it fersterkjen fan minderheidstalen oprjochtsje. De kampus wurket gear mei universiteiten fan Warschau, Londen, Leiden en it Max Planck Instituut. Troch it wrâldwiid fersterkjen fan de talen, lykas as it Frysk, moat it kultureel en taalkundich ferskaat behâlden bliuwe. Kampus Fryslân hâldt yn juny in ynternasjonaal kongres oer dit tema.

It sintrum wurdt yn Warschau húsfeste op de fakulteit Artest Liberales. It projekt kostet sa'n 1,6 miljoen euro en wurdt mei help fan subsydzjes betelle.

(advertinsje)