Offearten wettertaksy Harns-Flylân skrast fanwegen iisgong

25 feb 2018 - 10:53
De wettertaksy foar de havenyngong fan Flylân - Foto: Aukje de Vries

Fanwegen iisgong op de Waadsee farre der oant en mei tongersdei moarns gjin wettertaksys fan Harns nei Flylân en oarsom. Rederij Doeksen meldt dat de ôffearten Flylân-Harns fan 09.30 oere en Harns-Flylân fan 11.00 oere dy dagen ferfalle. De rest fan de dei fart de wettertaksy wol.

Trefwurden: 
wettertaksy Harns Flylân
(Advertinsje)
(Advertinsje)