Besikers bringe boaiemfynsten by IJstijdenmuseum

25 feb 2018 - 10:08

De jierlikse boaiemfynstedei yn it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost hat sneon wer flink wat nije fynsten opsmiten. De likernôch 150 besikers hiene ûnder oare in gouden Keltyske munt, gouden ringen en Romeinske en midsiuwske fibula's meinaam. Ek waarden der ferskate âlde munten, fossilen en swerfstiennen meibrocht.

(advertinsje)