Spylsters VC Snits oer ôfskied coach Groenland: Knop moat om

25 feb 2018 - 10:00

We wienen skokt, mar de knop moat om en we moatte fierder. Dat hawwe de follybalsters fan VC Snits sneontejûn nei de wedstriid tsjin Set Up '65 sein yn reaksje op it ûnferwachte opstappen fan coach Petra Groenland. Ofrûne moandei waard bekend dat Groenland nei acht jier ôfskied nimme moast fan follybalklup Snits, om't it bestjoer nei dit seizoen net mei har fierder woe. Groenland hat doe besletten fuortendaliks har funksje del te lizzen.

Neffens it bestjoer fan VC Snits soe der gjin gemy mear tusken de coach en har spylsters wêze. Follybalster Roos van Wijnen fertelt dat dat gefoel net út it hiele team wei kaam. "Het is niet de hele spelersgroep geweest, maar het bestuur heeft op basis van meerdere verhalen en dingen een besluit genomen. Dat is aan het bestuur geweest en daar moeten wij ons bij neerleggen."

Oflieding

Van Wijnen sels fynt de situaasje hiel heftich en hat it der noch dreech mei, mar mei it each op it drokke wedstriidskema moatte sy en har ploech fierder. "De play-offs begonnen woensdag weer, dus je moet toch de knop omzetten naar het volleybal. Dan is het misschien alleen maar fijn dat je zoveel moet spelen, dat je aandacht echt naar het volleybal gaat en afleiding hebt."

Spylster Janieke Popma slút har dêrby oan. "It is it beslút fan Petra en alle respekt foar Petra dêryn, mar wy moatte as team no gewoan wer fierder. We hawwe goed en hurd traind fan 'e wike. Der moat no net tefolle neidruk lizze op wat der allegear gebeurd is." 

Hechte bân

De ploech hat sûnt moandei Ruut de Wit as tydlike coach. Sa'n nije trainer is foar de froulju wol efkes wennen, mar neffens Van Wijnen komt it fierder wol goed mei de prestaasjes by de kommende wedstriden. "We pakken dat op zich wel heel goed op. We praten veel met elkaar en hebben een hele hechte band met zijn allen, dus we kunnen wel goed naar die wedstrijden toewerken."

(advertinsje)