Stappers yn Ljouwert op de bon foar fjochterij en wyldpisjen

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert meardere boeten útdield oan stappers. Yn de Alde Doelesteech wie even nei healwei trijen in fjochtpartij. In 43-jierrige Rotterdammer krige proses-ferbaal foar baldiedigens. Ek in 37-jierrige Ljouwerter waard op de bon slingere, foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De man hie boppedat gjin identiteitsbewiis. Fan de fjochterij is fierder gjin oanjefte dien.
De plysje joech fierder sân manlju in bon foar wyldpisjen.