Ferwûne by botsing tusken twa auto's yn De Westereen

25 feb 2018 - 08:00

By in botsing tusken twa auto's yn De Westereen is sneontenacht in persoan ferwûne rekke. It giet om in byrider fan ien fan de auto's. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De botsing fûn plak op de krusing fan de Yndustrywei mei de Noarder Stasjonsstrjitte. Beide auto's rekken swier skansearre en binne ôffierd troch in berger. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
botsing ûngelok De Westereen
(advertinsje)