Appartemint folslein útbrând yn Frjentsjer

De brânwacht moast sneontenacht útride foar in brân yn in appartemint yn Frjentsjer. De wenning oan it Franciscushôf is folslein útbrând. Doe't de brân útbruts, wiene der gjin minsken mear yn it appartemint. Neistlizzende gebouwen hawwe reek- en wetterskea oprûn. De bewenners moasten harren hûs út en waarden opfongen.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle troch it fjoer fan twa kanten te bestriden en in heechwurker yn te setten.