Vlap nei ferlies: "Ongelooflijk dat de bal er niet in gaat"

Twa kear de peal en ien kear de latte: it siet SC Hearrenfean sneontejûn net mei tsjin Excelsior. Der wiene foldwaande kânsen, mar de bal woe der mar net yn. By Excelsior wol, en dêrtroch wûnen de Rotterdammers yn it Abe Lenstra Stadion mei 1-0 fan Hearrenfean. "Kansen zijn er genoeg, maar het gaat om de doelpunten", seit Jurgen Streppel nei ôfrin fan de ferliespartij. "Wij hadden deze wedstrijd al in de eerste helft moeten beslissen. Als je zoveel kansen krijgt, dan moet je daar meer mee doen."
Mar wêrom giene dy kânsen der dan net yn? Streppel: "Het ontbrak ons aan geluk, aan kwaliteit en de keeper van Excelsior goed stond te keepen. Dan heb je al drie oorzaken waardoor je vandaag geen doelpunten maakt. Dat is heel frustrerend."
"Ongelooflijk dat we niet scoren"
"Dit hebben we aan onszelf te wijten. We hebben zóveel kansen gecreëerd. Het is ongelooflijk dat die bal er niet in gaat en dat we hier verliezen", seit in djip teloarstelde Michel Vlap fan Snits. "Dat het tegenzit is een understatement", seit ek oanfierder Stijn Schaars. "Maar we hebben het aan onszelf te wijten. We laten na te scoren."