VC Snits wint ek twadde play-offwedstriid

24 feb 2018 - 21:45

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn goede saken dien yn de kampioensgroep om it nasjonaal kampioenskip. Se wûnen thús mei 3-1 yn sets fan Set Up '65 út Ootmarsum. De setstannen wiene 23-25, 25-19, 27-25 en 25-21.

Yn de earste set giene beide ploegen lang gelyk op. Nei in betide foarsprong foar Snits, wie it Set Up dat ferrassend mei de iepeningsset oan de haal gie: 25-23. Yn de twadde set stelde Snits oarder op saken. Se begûnen sterk en namen al gau in foarsprong fan 5-1. Set Up kaam werom oant 8-7, mar dêrnei rûn Snits út nei 13-7 en 17-10. De set waard úteinlik sûnder problemen mei 25-19 binnen helle.

Snits kaam yn de tredde set opnij yn de problemen. Set Up naam in foarsprong en koe dy lange tiid frij ienfâldich fêsthâlde. Snits knokte him werom, wurke trije setpunten fuort en helle de set op it earste setpunt binnen mei 27-25. Yn de fjirde set kaam Snits net mear yn de problemen, wûn yn 25-21 en behelle sa de twadde oerwinning yn de kampioensgroep. Ofrûne woansdei wûnen de Snitser froulju ek al. Doe waard it 3-2 tsjin Alterno.

Petra Groenland

De winst komt gelegen foar VC Snits, dat in rûzige wike belibbet. Coach Petra Groenland moast dizze wike nammentlik nei acht jier twongen ôfskied nimme fan VC Snits. Se wie by de klup tige suksesfol en wûn ûnder mear twa kear de Nederlânske titel. Ruut de Wit, âld-trainer fan de manlju fan Snits, nimt it dizze wike tydlik oer as coach.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(advertinsje)