Teloarstellend thúsferlies SC Hearrenfean tsjin Excelsior

24 feb 2018 - 21:38
  • Trainer Jurgen Streppel
  • Stijn Schaars
  • Michel Vlap

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn teloarstellend ferlern fan Excelsior. Yn it Abe Lenstra Stadion wiene de gasten út Rotterdam mei 1-0 te sterk foar de ploech fan trainer Jurgen Streppel.

Iepeningstreffer

By kâlde temperatueren hie Hearrenfean de bettere start. Reza Ghoochannejhad hie binnen inkelde minuten in enoarme kâns op de iepeningstreffer, mar skeat de bal op de peal. De peal stie net lang dêrnei opnij yn it paad, nei in skot fan Michel Vlap.

Oan de oare kant krige Excelsior ien kâns en dy gie der fuortendaliks yn. Nei in flater fan Lucas Woudenberg kaam de bal úteinlik by Mike van Duinen telâne, dy't Excelsior op foarsprong sette. Hearrenfean bleau de bettere ploech, mar koe foar rêst net op gelikense hichte komme.

Kâns op kâns

Yn de twadde helte wie Hearrenfean direkt tichtby de 1-1. Kik Pierie (kopbal), Daniel Høegh (latte) misten de goal op in hier nei. Ek de ferskate hoekskoppen woene der mar net yn. Oan de oare kant krige ek Excelsior in kâns fia in kopbal fan Jurgen Mattheij en waard in goal fan Jeffrey Fortes ôfkard fanwegen hands.

Yn de slotfaze wie Hearrenfean driigjend op de helte fan Excelsior, mar koe de bal der net yn krije, sadat de teloarstellende 1-0 foar Excelsior op it skoareboerd stean bleau.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)