Trije 14-jierrige jonges smite pakken frisdrinken op auto's

24 feb 2018 - 19:43

Trije jonges fan 14 jier binne sneontemiddei oanhâlden yn Ljouwert. It trijetal smiet pakken frisdrinken op auto's dy't út parkeargaraazje Saailân kamen. Oan de hân fan it sinjalemint koe de plysje de trije minderjierrige jonges letter oanhâlde op de Willemskade. Twa komme út Ljouwert en ien út in doarp by Ljouwert. De âlden fan de jonges binne op 'e hichte steld en de dieders wurde oanmeld by buro HALT.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)