UNIS Flyers berikt finale Nederlânsk kampioenskip iishockey

24 feb 2018 - 18:36
  • Goals heale finale Flyers - Nijmegen
  • Flyers-spiler Brent Janssen oer de titelkânsen
  • Jacco Landman, âld-spiler Flyers, jout kommentaar by finale
  • Flyers spiler Brent Janssen oer de iishockeyfinale

UNIS Flyers hat de finale berikt om it Nederlânsk kampioenskip. De Feanster iishockeyers wûnen sneontejûn yn Thialf de heale finale mei 5-3 fan Nijmegen by it Final Four evenemint, it toernoai foar de bêste fjouwer Nederlânske teams út de BeNe-league. De perioadestannen wiene 3-0, 0-3 en 2-0.

Fleanende start

De Flyers hiene in fleanende start en stiene binnen tsien minuten mei 2-0 foar. Marc Nijland en Yan Turcotte makken de doelpunten. Ronald Wurm makke der yn de earste perioade noch 3-0 fan.

Spannende tredde perioade

Yn de twadde perioade kamen de gasten út Nijmegen sterk werom fan 3-0 oant 3-3. Yn de spannende beslissende perioade wie it Wurm dy't mei syn twadde doelpunt fan de dei de Flyers wer op in foarsprong sette. Adam Bezak soarge rap dêrnei foar de 5-3 en de Flyers lieten Nijmegen net mear weromkomme.

Finale

Yn de finale fan snein spilet UNIS Flyers tsjin Den Haag. Dy finale wurdt troch Omrop Fryslân live útstjoerd op www.omropfryslan.nl en op de app. Fan 15.00 oere ôf mei kommentaar fan Freark Wijma en Jacco Landman, âld-spiler fan de Flyers.

(advertinsje)