Oanjefte tsjin kastebouwer Röllfink om fraude

24 feb 2018 - 17:27

Tsjin kastebouwer Röllfink yn Harns en Grins is oanjefte dien fan fraude en oplichting. Dat meldt it telefyzjeprogramma Kassa sneontejûn. Klachten oer flinke oanbetellingen op ynbou-kasten dy't nea levere wurde, binne de oanlieding. CBW-erkend, it garânsjefûns fan de wenbrânsj, hat Röllfink Ambachtelijke Interieurspecialisten út Harns en Grins, royearre as lid.

Klachten

Oer Röllfink wiene de lêste tiid klachten, ûnder oare op Google Reviews. Ek Klachtenkompas krige as ûnderdiel fan de Consumentenbond klachten oer it bedriuw. Fierder melden dupearre klanten har by Kassa en by CBW-erkend. Sy hiene soms wol 2.100 euro oanbetelle op lúkse ynbou-kasten, mar de levering waard hieltyd útsteld. As der dan útlevere waard, wie it faak in ferkearde kast fan folle mindere kwaliteit en misten der ûnderdielen.

Betelachterstân

It bedriuw fan de Harnzer ûndernimmer Nol Roelevink hie by CBW-erkend in betelachterstân. Ut it garânsjefûns krije klanten de skea fergoede as se in oanbetelling dien ha by in ûndernimming dy't fallyt giet. Röllfink is april ferline jier oprjochte en dêrnei talitten ta CBW-erkend, mar it bedriuw hat nea jild stoarten yn it fûns.

CBW-erkend hat in meldpunt yn it libben roppen om nei te gean hoefolle klanten der krekt dupearre binne. It garânsjefûns ûndersiket hoe't Röllfink by de oanmelding troch de screening kaam is.

Trefwurden: 
Harns Röllfink
(advertinsje)