ONS Snits is te sterk foar Jong FC Twente

24 feb 2018 - 16:54

Yn de tredde difyzje hat ONS Snits sneontemiddei wûn fan Jong FC Twente. Op it eigen fjild yn Snits waard it 4-2 foar de Snitsers.

ONS kaam betiid op 1-0 troch in goal fan Curty Gonzales. Twente gie derop en der oer sadat it nei in healoere spyljen 2-1 foar de Tukkers stie. Mar út it neat makke Tim Oosterbaan de prachtige lykmakker, sadat beide ploegen mei in 2-2 stân it skoft yn giene.

Betiid yn de twadde helte krige in spiler fan Jong Twente in reade kaart, en de Snitser benutten it fjildoerwicht fuortendaliks troch de 3-2 te skoaren. It doelpunt waard makke troch Genridge Prijor. Net lang dêrnei kaam Snits ek op 4-2 troch in goal fan Michael Lanting.

ONS stiet nei de winst op it 14e plak yn de tredde difyzje.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Snits
(advertinsje)