FIDEO: Kij fan boer Bartele meie de greide wer yn

De kij fan boer Bartele Holtrop út Rotstergaast meie sneon de greide wer yn. It is wol tige betiid foar de tiid fan it jier, benammen no't der sa'n kâlde wike foar de doar stiet. Mar sawol de kij as it gers binne der neffens Boer Bartele klear foar. "In Ierske teory seit dat as kij yn febrewaris it lân op gean, se mear molke jouwe fan itselde gers as wat de boer yn oktober stean litten hat. Dus se moatte der nedich út", glimket Bartele.
Ofrûne jier binne syn kij hast trije wike letter it lân op gongen, mar no kin it wat earder. It gers is neffens de boer goed genôch. "Net sa goed as gers yn april, mar better as de kuil dat se no krije." De boer hat fjouwer moanne ferlyn al betocht om hjoed syn Jerseys wer de greide yn te litten. "Wy hiene ek net tocht dat it dizze wike sa kâld wurde soe, mar as it woansdei min 10 wurdt dan meie de kij de waarme stâl wol yn."