TeamNL slút Spelen ôf mei 20 medaljes, grutte Fryske ynbring

24 feb 2018 - 16:33

TeamNL slút de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä ôf mei 20 medaljes. Dizze Spelen binne de op ien nei súksesfolste foar Nederlân. De sporters kamen noch aardich ticht yn 'e buert fan it rekôr yn Sotsji yn 2014, dêr't 24 medaljes helle waarden. Kwa oantal gouden medaljes waard it rekôr fan Sotsji wol helle. Sawol doe as no kaam TeamNL oant 8 kear goud.

De Fryske dielnimmers wiene dizze Spelen ek wer tige súksesfol mei 11 medaljes. Hjir in oersjoch:

Reedriden:
Ireen Wüst - goud 1.500 meter, sulver 3 kilometer, sulver mei de ploege-efterfolging
Sven Kramer - goud 5 kilometer, brûns mei de ploege-efterfolging
Antoinette de Jong - sulver mei de ploege-efterfolging, brûns 3 kilometer
Marrit Leenstra - sulver mei de ploege-efterfolging, brûns 1.500 meter
Jorrit Bergsma - sulver 10 kilometer

Shorttrack:
Suzanne Schulting - goud 1.000 meter, brûns mei de ôflossingsploech
Sjinkie Knegt - sulver 1.500 meter

Ireen Wüst sil snein by de Olympyske slutingsseremoanje de flagge drage foar Nederlân. Se hat no yn totaal alve Olympyske medaljes en is dêrmei de meast súksesfolle Nederlânske Olympiër ea.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)