Ekstra foarstellingen 'De Brekbere Sirkel' annulearre

De ekstra foarstellingen fan it muzikale toanielstik 'De Brekbere Sirkel' binne definityf annulearre. Oanlieding is de swiere harsenskodding dy't haadrolspylster Tet Rozendal yn desimber oprûn. Fanwege glêdens wie se achteroer op de holle fallen. It opknappen duorret langer as earder tocht waard. Op advys fan har dokter hat se alle optredens foar de kommende tiid ôfsizze moatten. Reden foar de organisaasje fan it suksesfolle toanielstik om de sân ekstra foarstellingen definityf te skrassen. It bestjoer wol ek gjin nije foarstellingen ynplanne.
"De earste seis wiken wie it krekt of wie ik dronken en hie ik in kater tagelyk," fertelt Tet Rozendal. "Ik wie dûzelich, mislik en lei allinne mar op bêd. No kin ik in kertierke deis kuierje, mar mear net. Ik moat it rêstich oan dwaan." Oer it ôfsizzen fan de foarstellingen: "In oar kin myn wurk net oernimme. Earst hienen we de foarstellingen ferskood mar it kin no echt net trochgean. Mei pine yn it hert lûke we de stekker derút." Se nimt it libben no dei foar dei. "Ik sjoch tsjinslaggen as in learmomint. Moatst tankber wêze foar dyn sûnens, ik genietsje fan lytse dinkjes en bin tankber foar wat der wol is."
Wa't kaarten kocht hat foar de foarstellingen yn ûnder oare Stiens, It Hearrenfean en Burgum kin kontakt opnimme mei de organisaasjes of sealen.