Kramer: "Dit wie it maksimale resultaat"

© ANP
"Dit wie it maksimale resultaat op dit momint", dat sei Sven Kramer nei ôfrin fan de massastart by de Olympyske Spelen. Kramer naaide oan 'e ein fan de finale út, sloech in lyts gatsje, mar waard wer byhelle troch in groepke efterfolgers. Hy koe Koen Verweij noch wol lansearje, dy't úteinlik it brûns wûn. It goud wie foar Seung-Hoon Lee út Súd-Koreä, Bart Swings út België wûn sulver. Kramer waard sels sechstjinde en lêste en hy kin libje mei dy útslach.
Kramer: "Als Bart Swings twivele hie, dan hie ik fuort west. Mar hy ried it gat dochs ticht. It plan wie dat Koen it dan dwaan soe. Hy is op wearde ferslein. As hy fit west hie, dan hie er miskien mear kâns hân, mar je moatte fit wêze op de Spelen. Dit is it maksimale resultaat op dit momint."
De winner fan it goud op de 5000 meter hat genoaten fan syn lêste ûnderdiel op dizze Spelen. Kramer: "Ik fyn it tige leuk om te dwaan en ik tink dat we it sa goed dien hawwe. Koen kin grutsk wêze op dizze medalje."
Achtbaan fan emoasjes
Sven Kramer slút de Spelen ôf mei twa medaljes. It goud op de 5000 meter en it brûns op de ploege-efterfolging. Hy hie him mear foarsteld fan dizze Spelen: "It is in bytsje in achtbaan fan emoasjes. Leaver wie ik no yn grutte eufory. Mar dat is net sa, dêr ha ik mei te dealen", seit Kramer.
"Ik bin supergrutsk op trije kear olympysk goud op de 5 kilometer. Dêr stiet gigantysk folle druk op. Krekt as op de 10 kilometer. Dy ôfstân slagge dan net. Ik ha wol efkes myn bêst dwaan moatten om te genietsjen fan de winst op de 5 kilometer. Ik bin kritysk en dat sit my soms wol yn it paad. Dêr bin ik earlik yn. Faaks komt dat gefoel noch."
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.