Gjin medalje foar Sven Kramer by finale massastart

24 feb 2018 - 14:12

It is Sven Kramer sneon net slagge om syn tsiende olympyske medalje te pakken. By de finale fan de massastart yn Gangneung wie Kramer net fluch genôch, al lei er wol in skoftke op kop. Hy einige as sechstjinde en lêste.

Koen Verweij pakte de brûnzen medalje. It goud wie foar de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee en it sulver gie nei de Belch Bart Swings.

By de froulju pakte Irene Schouten brûns op de massastart.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)