Friezen en Grinslanners meiinoar yn aksje tsjin gaswinning

24 feb 2018 - 13:49

Fryske en Grinslanner Steateleden ha by de Grinzer Pein aksjefierd tsjin de gaswinning yn beide provinsjes. Mei de aksje wolle se omtinken freegje foar in bettere skearegeling foar de slachtoffers fan de gas- of sâltwinning. Ek roppe se lanlike politisy op wurk te meitsjen fan de ynfiering fan de saneamde 'omkearde bewiislêst'. It bedriuw dat gas of sâlt wint, moat dan bewize dat it net ferantwurdlik is foar de skea.

It tema fan de aksje wie 'Samen van het gas af'. It is in gearwurking fan de FNP, Partij van het Noorden en Groninger Belang. De partijen wolle mear mei-inoar oparbeidzje. Yn beide provinsjes binne deselde problemen, mar is der kwealik ûnderling oerlis.

(advertinsje)