Sven Kramer pleatst him foar finale massastart

24 feb 2018 - 13:09

Sven Kramer hat him sneon yn Gangneung pleatst foar de olympyske finale op de massastart. De reedrider ried yn de twadde heale finale 6 punten byinoar en fersekere him sa fan genôch punten om yn de finale starte te kinnen. Kramer kin no besykje syn tsiende olympyske medalje te heljen. 

Koen Verweij is ek troch nei de finale. Hy sammele genôch punten yn de earste fan de twa heale finales troch de earste tuskensprint te winnen.

By de froulju pleatsten Irene Schouten en Annouk van der Weiden har foar de finale fan de massastart.

De finale fan de froulju begjint om 13.30 oere, dy fan de manlju om 14.00 oere. De massastart stiet foar it earst op it programma by de Olympyske Spelen.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)