Sprongen wetterlieding soarget foar oerlêst yn Dokkum

24 feb 2018 - 12:26

In wetterlieding is sneontemoarn sprongen oan de Birdaarderstrjitwei yn Dokkum. It kin dêrom wêze dat minsken yn Dokkum en omkriten gjin of minder druk op de wetterlieding ha. Neffens wetterliedingbedriuw Vitens is de steuring ferholpen, mar kinne minsken der oant sneontemiddei healwei trije oere lêst fan ha. Sa gau as de steuring oplost is, kin it wêze dat minsken earst brún wetter út de kraan krije.

It is noch net bekend wêrtroch't de wetterlieding sprongen is.

(advertinsje)