Unbekenden brâne gat yn flier útkyktoer Burgumer Mar

24 feb 2018 - 11:58

Unbekenden ha de útkyktoer by de Burgumer Mar fernield. De flier boppe yn de toer is mei help fan reid yn de brân stutsen, wêrtroch't der no in grut gat yn de flier sit. It is neffens boskwachter Gjerryt Hoekstra al de safolste kear dat de toer fernield wurdt. It kostet neffens him in soad jild en tiid om de toer te reparearjen.

(advertinsje)