Auto's fernield yn Ljouwerter strjitten

© ANP
Twa 16-jierrige jonges út Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden foar it fernielen fan njoggen auto's yn de PC Hooftstrjitte, Marnixstrjitte en Molenstrjitte. De fandalen skopten spegels fan de auto's. In tsjûge gie op de fyts achter de groep oan en koe twa fan harren te pakken krije. De plysje hat de twa foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro. Nei de oare leden fan de groep wurdt noch socht. De plysje siket noch de bestjoerder fan in bestelauto, dy't ek achter de jonges oan sitten hat en in belangrike tsjûge wêze kin.