IIsgong op Waadsee, wettertaksys It Amelân en Skier skrast
Fanwege iisgong op de Waadsee farre der dit wykein gjin wettertaksys tusken It Amelân en Holwert, en tusken Skiermûntseach en Lauwerseach. Rederij Wagenborg meldt dat alle ôffearten fan de wettertaksys op 24 en 25 febrewaris útfalle. De gewoane fearboten farre wol.